Nei dyn stúdzje
Ast Minorities & Multilingualism studearre hast kinst tanksij dyn kennis fan minderheidstalen, taalpolityk en meartaligens en dyn heechweardige akademyske feardichheden oan ’e slach yn (ynter)nasjonale (oerheids)organisaasjes, it (ynter)nasjonale bedriuwslibben, kulturele organisaasjes, non-profitorganisaasjes of bygelyks de media. It ynterdissiplinêre kurrikulum fan de oplieding en de ûnderskate spesjalisaasjes jouwe dy alle gelegenheid om út te finen hokker ûnderwerpen oft dy it meast ynteressearje en hokker wurkterreinen oftst ferkenne wolst. De measte studinten ferfolgje harren stúdzje mei in MA track oan de RUG, bygelyks yn Meartaligens, Tapaste Taalkunde, in edukative master of in mastertrack Euroculture.
Mei in spesjalisaasje yn Fryske taal en kultuer (sawol yn de foarm fan in Minor, it Fryske spoar binnen Minorities & Multilingualism of in skripsje of staazje) bist nei dyn ôfstudearjen ek goed taret op in karriêre yn de Fryske mienskip. Der binne net folle minsken goed ûnderlein yn it Frysk en dêr is wol ferlet fan yn Fryslân. Frisisten komme je dan ek oeral tsjin: yn it ûnderwiis, by de media, by de oerheid, by kulturele organisaasjes, yn de kommunikaasje, yn de wittenskip, of bygelyks as tolk of fertaler.
Master Multilingualism, Campus Fryslân
Oan de Campus Fryslân yn Ljouwert kinst de Master Multilingualism folgje. Dit masterprogramma is unyk yn it kombinearjen fan it teoretysk oanlearen fan allerhanne aspekten oangeande meartalichheid en in op ûndersyk rjochte, praktyske oanpak. It programma wurdt oanbean yn Ljouwert. As haadstêd fan de iennichste offisjeel twatalige provinsje fan Nederlân is dat it ideale plak foar studinten om fuortdaalk tagong te hawwen ta in meartalich laboratoarium. Studinten leare hoe’t sy profesjoneel omgean kinne mei deistige útdagingen fan meartalichheid, lykas it helpen fan bedriuwen mei it omgean mei mear as ien taal, it foarmjaan fan in taalbelied, of it advisearjen fan skoallen hoe’t sy it bêste lesjaan kinne oan bern mei ferskillende talige eftergrûnen. Studinten ûntfange oan ’e ein in mastertitel yn Taalkunde fan de Ryksuniversiteit Grins.
Edukative minor Frysk / MA learare-oplieding Frysk
Hâldst fan de Fryske taal en kultuer en wolst dyn kennis graach oerbringe? De RUG biedt de iennichste akademyske learare-oplieding Frysk yn Nederlân, yn oparbeidzjen mei NHL Stenden. By de learare-oplieding ferdjippest dyn kennis en learst om dy oer te dragen oan middelbere skoalbern. De reguliere Edukative Master duorret twa jier, mar der wurdt ek in edukative minor oanbean. Sjoch hjir foar de talittingseasken of nim kontakt op mei studieadviseurmm-fries rug.nl om te sjen ofst yn oanmerking komst foar it folgjen fan de Edukative Master of de edukative minor Frysk.
Laatst gewijzigd: | 23 januari 2023 11:43 |